Winst foar Terpstra en dy

© Omrop Fryslân
It haadklasse keatsen yn Menaam is snein wûn troch it partoer Klaas Anne Terpstra, Jan Willem van Beem en Douwe Groenendijk. Yn in lykopgeande finale wiene se Simon Minnesma, Kor Zittema en Marten Feenstra mei 5-4, 6-2 de baas. Douwe Groenendijk waard kening.
It tredde plak yn Menaam wie foar it partoer Klaas Berkepas, Dirk Jan van der Woud en Daniël Iseger. De winners fan sneon, it partoer Van der Meulen, lei der yn de earste omloop al út.