Stroomtekoart driget

10 aug 2003 - 00:00

It waarme waar soarget net allinnich foar in wettertekoart, der driget yn Nederlân no ek in stroomtekoart. Netbehearder Tennet hat snein dêrom de saneamde Code Rood ôfkundige.

Netbehearder Tennet ropt elkenien op om moandeitemoarn sunich te wêzen mei stroom en it gebrûk sa folle mooglik te sprieden. Moandei geane in soad minsken foar it earst wer oan it wurk nei de boufak en kin in prekêre sitewaasje ûnststean.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)