Pleats ôfbaarnd yn Boyl

10 aug 2003 - 00:00

Yn Boyl is yn de nacht fan sneon op snein in wenpleats ôfbaarnd. Yn de pleats wennen twa gesinnen. De brân waard om healwei twaën ûntdutdsen troch ien fan de bewenners, dy't wekker waard fan it knetterjend lûd fan baarnend reid.

De man warskôge de oare bewenners, dy't allegear sûnder ferwûnings it hûs út kamen. It is de brânwacht net slagge de pleats te behâlden. De oarsaak fan de brân wurdt noch ûndersocht.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)