Harkemase Boys út Amstel Cup

10 aug 2003 - 00:00

It aventoer yn de Amstel Cup hat foar Harkemase Boys net lang duorre. Sneon ferlearen de fuotballers op eigen fjild mei 1-2 fan WHC.

De wedstryd like lang op in ferlinging út te draaien, mar yn de 93ste minút wist WHC noch te skoaren en de winst binnen te heljen. De kampioensploech fan ferline jier leit no út de striid om de lanlike beker en rint in wedstriid tsjin in betelle fuotbalklub mis.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)