Winst foar Van der Meulen en dy

© Omrop Fryslân
It partoer Johan van der Meulen, Jacob Wassenaar en Cornelis Terpstra hat sneon it keatsen yn Broeksterwâld wûn. It wie de earste winst foar dit partoer.
Yn in spannende finale naam it partoer in foarsprong fan 5-2 op Pieter van Tuinen, Andre Kuipers en Chris Wassenaar. Dy kamen werom nei 5-5, 6-4, doe sloech Van der Meulen in sitbal. Hy waard ta kening útroppen. Van Tuinen makke syn ôfskie bekend as keatser.