Iepen dei fuotbalklubs

09 aug 2003 - 00:00

Fuotbalklubs Cambuur yn Ljouwert en SC Heerenveen op it Fean hiene sneon in iepen dei. Ek al wie it 30 graden, der kamen noch in soad fans op ôf.

De spilers fan SC Heerenveen waarden mei in koets it fjild opriden. Fierder waarden der hantekens útdield en klub- merchandise ferkocht. Benammen shirts diene it goed. By it Abe Lenstra- stadion koene de fans har ek noch weagje oan in klimmuorre, in spring- kessen of libbend tafelfuotbal.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)