Rients v.d. Wal fierljepkampioen

© Omrop Fryslân
Rients van der Wal fan Warkum is sneon Frysk kampioen fierljeppen wurden. De FK ljeppen waarden sneon yn Winsum hâlden. Van der Wal ljepte 18.19 meter en gjinien koe him foarby. Dêrmei nimt er de sulveren pols oer fan Henk Schievink fan Burgum.
By de froulju waard Antke van der Wal kampioen, by de jongens waard it Piet Scherjon. Yn de junioareklasse ljepte Thewis Hobma fan Easthim in earste plak mei 16.41 meter.