Súkses foar operafilm Rigoletto

© Omrop Fryslân
De operafilm Rigoletto, dy't op 1 augustus yn premiêre gie yn Spangea, is in grut súkses. De twivels oft de leafhawwers wol waarmrinne soene foar in opera op film binne oer, want de film hat yn in wike tiid al mear as twatûzen minsken lutsen.
Fierder binne de resinsjes posityf en is der belangstelling yn binnen- en bûtenlân foar de earste Nederlânske operafilm. Omrop Fryslân sil de film letter dit jier útstjoere.