Wetterferbrûk nimt noch ta

09 aug 2003 - 00:00

It wetterferbrûk yn Fryslân wurdt mei de dei heger. De oprop fan direkteur Silvis fan wetterliedingbedriuw Vitens om sa min mooglik wetter te brûken hat wat dat oanbelanget net folle holpen, want it wetterferbrûk wie freed noch heger as tongersdei.

Vitens die de oprop omdat de wetterfoarried der trochhinne rekket. Dit is op ferskate plakken yn Fryslân te fernimmen trochdat de wetterdruk út de kraan minder wurdt.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)