Schatzenburg wurdt kueroard

© Omrop Fryslân
Swimbad Schatzenburg by Menaam wurdt in kueroard mei sâlt wetter fan hege kwaliteit. Dat seit eksploitant Ron van Booma. Nije wike wurdt op it terrein in proefboarring dien nei sâlt wetter op 150 meter djipte. It giet om wetter dat fan himsels al in frij hege temperatuer hat. Van Booma hopet sa te besunigjen op de enerzjykosten fan it swimbad.
Fierder wol Van Booma it swimbad yn 'e takomst slute as it te kâld is of reint.