Ferkeap oandielen Thialf útsteld

08 aug 2003 - 00:00

De eksekúsje-ferkeap fan de oandielen fan iisstadion Thialf op It Hearrenfean giet tiisdei net troch. Direkteur Nieweg hat heger berop oantekene tsjin dy ferkeap. Salang't de rjochter dêroer gjin útspraak dien hat, mei de ferkeap net trochgean.

Sa krijt Nieweg in pear wike mear de tiid om in oplossing te finen foar de jildproblemen fan it stadion. By it trochgean fan de eksekúsje-ferkeap hie de takomst fan Thialf faai stien.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)