Winkelboat yn Ljouwert

© Omrop Fryslân
Der komt in winkelboat te lizzen yn de nije Museumhaven oan de Willemskade yn Ljouwert. Hoareka-ûndernimmer Van Dijk hat dêr tastimming foar krigen fan de gemeente.
Van Dijk hat in stoomskip kocht, dat er yn âlde steat werombringe wol. It skip moat yn alle gefallen in stik ynkoarte wurde, omdat de gemeente de hjoeddeistige lingte fan 43 meter te lang fynt. De boat komt begjin takom jier yn de haven te lizzen.