Kant yn Frysk Museum

© Omrop Fryslân
It Frysk Museum yn Ljouwert hâldt in grutte kant show. Reden is dat de stof safolle kanten hat. It is ticht en trochsichtich, soepel en stiif, masinaal en ambachtlik. Reade tried op de útstalling is Hollânse kant út de santjinde en achttjinde ieu.
Der binne ferskate soaren klean te sjen lykas doopjurk fan Eloise, dochter fan prins Constantijn en prinses Laurentien. De eksposysje begjint 26 augustus en duorret oant 5 jannewaris.