Trochstart De Tille ûnwis

© Omrop Fryslân
Skipswerf De Tille út Koatstertille hat net folle kâns op in trochstart. Dat seit fakbûnsbestjoerder Meijerman fan it CNV nei petearen mei de direksje en de kurator. De direksje fan de werf hat wol plannen foar in trochstart.
De 79 wurknimmers krigen tongersdei te hearren dat it bedriuw fallyt is om't der gjin wurk en gjin jild mear is. De wurknimmers binne bot oanslein troch it nijs. Moandei krije de wurknimmers offisjeel dien.