Skiepskilderjen giet net troch

08 aug 2003 - 00:00

Dongeradiel stiet net ta dat keunstner Justus Donker 101 skiep beskilderet. De keunstner woe dit 'live action painting' meikoarten by Moarre útfiere. Nei klachten fan boeren en boargers krijt Donker gjin fergunning fan de gemeente. It soe de skiep tefolle stress jaan.

Donker woe earst trochsette en sei dat er in boer fûn hie dy't meiwurkje woe. Yntusken hat er oanjûn fan syn plan ôf te sjen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)