Botulisme stekt de kop op

08 aug 2003 - 00:00

Wetterskip Fryslân hat de ôfrûne dagen op ferskate plakken yn Fryslân botulisme fêststeld. Op It Hearrenfean binne yn De Feanskieding 13 deade einen fûn. Yn 'e Ljouwerter wyk Westeinde waarden 30 deade en 12 sike einen oantroffen. Yn Kollum gie it om seis deade einen. Undersyk hat útwiisd dat botulisme gefaarlik is foar einen, mar net foar minsken.

De baktearje dy't botulisme feroarsaket hat waarm stilsteand wetter nedich.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)