Iselmar hâldt Fryslân wiet

© Omrop Fryslân
Fia de wetterynlaten fan Teakesyl en De Lemmer hâldt de Iselmar Fryslân wiet. Wetterskip Fryslân lit deis 5,7 miljoen kubike meter wetter it binnenwetter ynstreame. Twa miljoen kubike meter is ornearre foar Grinslân, it oare part hâldt it Fryske wetterpeil op hichte.
By earnstige droechte kin wetterskip Fryslân it ynlitten fan Iselmarwetter noch ferheegje oant 8 miljoen kubike meter wetter. Dat barde foar it lêst yn 'e waarme simmer fan 1976.