Skipshelling De Tille fallyt

07 aug 2003 - 00:00

Skipswerf De Tille yn Koatstertille is fallyt. It bedriuw hat gjin oarders mear. De 85 wurknimmers binne tongersdei op de hichte brocht. Neffens de direksje hat it bedriuw mear as in jier lang ûnder de kostpriis wurke en dêrtroch mei grutte ferliezen draaid. Der is mear as 4 miljoen euro oan skuld.

CNV-bestjoerder Meijerman tinkt dat it bedriuw mooglik trochstarte kin mei jachtbouwer Amos, of dat it him wer rjochtsje moat op de coastermerk.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)