Heale finale Freule kommendewei

06 aug 2003 - 00:00

De Freule, de keatspartij foar jonges yn Wommels, is sawat oan de heale finales ta. De heale finalisten binne al bekend: Skettens spilet tsjin Wytmarsum en Wommels tsjin Stiens.

Reduzum, ien fan de kânshawwers foar de winst, sneuvele yn de fjirde omloop tsjin Wommels. Ek Reahûs/Turns makke de ferwachtings net wier. Sy leinen der al yn de earste omloop út. Frjentsjer waard yn de fjirde omloop de foet dwers set troch Stiens.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)