Smookferbod yn bosken Opsterlân

© Omrop Fryslân
De brânwacht yn Opsterlân komt yn aksje om brân yn natuergebieten foar te kommen. Der is sûnt woansdei in ferbod op smoken en iepen fjoer yn de bosk en op de heide. Om it ferbod bekend te meitsjen binne op tal fan plakken posters ophongen.
De brânwacht giet ek by rekreaasjeparken del om de toeristen op 'e hichte te bringen fan it ferbod. Ek foar de bosken yn de Stellingwerven jildt in smookferbod.