Aksje garnalefiskers by Heiploeg

© Omrop Fryslân
Inkelde tsientallen garnalefiskers ha woansdei de yngong fan Heiploeg yn Sâltkamp blokkeard. Neffens aksjelieder Willem Groenia fan Moddergat dogge de bemanningen fan 20 kotters oan de aksje mei. De fiskers fiere aksje om hegere prizen foar de garnalen ôf te twingen.
De aksjefierders ha al even praat mei de direksje fan Heiploeg, mar dat hat neat opsmiten. De frachtweinen mei garnalen dy't woansdei fuort gean soene, moasten stean bliuwe.