Sjitpartijen Ljouwert oplost

© Omrop Fryslân
De sjitpartijen yn Ljouwert binne oplost. Twa 23-jierrige Ljouwerters fan Antilliaanske ôfkomst ha de sjitpartij oan de Jacob Binckesstrjitte en dy op de Nijstêd bekend.
By it insidint oan de Binckesstrjitte kaam in 19-jierrige man om. Hy waard deasketten om't er mei de plysje prate woe oer de sjitpartij op de Nijstêd. In oare bewenner waard besketten om't er tsjûge wie. Hy leit noch yn soarchwekkende tastân yn it sikehûs.