Akademy wol universiteit wurde

06 aug 2003 - 00:00

De Fryske Akademy wol yn fiif jier ta in lytse universiteit útgroeie mei as spesjalisme autochtoane Europeeske minderheden. De helberens fan it plan wurdt ûndersocht.

It wittenskiplik ûndersyksynstitút yn Ljouwert tinkt oan in masteroplieding mei omtinken foar taal, skiednis en de posysje fan minderheden as Friezen. De Akademy tinkt jierliks tsientallen studinten te lûken. De provinsje stipet de plannen fan de Fryske Akademy.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)