Waarme 101e Freulepartiij

© Omrop Fryslân
59 partoeren begûnen woansdei yn in waarm Wommels oan de Freulepartij. Keatsers en publyk wiene klear foar it waarme waar. It tilde op it keatsfjild op fan ´e petsjes, sinnebrillen, wetterflessen en koelboksen.
De Freuledei begûn moarns betiid offisjeel mei it lizzen fan in blomstik by it byld fan freule Clara_de_Vos van Steenwijck, de oprjochtster fan ´e keatspartij troch foarsitter Van der Velde fan Keatsferiening Wommels.