'Eko-auto' by fleanbasis

06 aug 2003 - 00:00

De fleanbasis yn Ljouwert hat woansdei in miljeufreonlike auto yn gebrûk naam. De auto rydt op stroom en makket amper lawaai en is ek noch goedkeap. It laden fan alle akku's kostet 1,50 euro en dan kin 90 kilometer riden wurde. De legere kosten komme goed fan pas mei it each op de besunigingen fan definsje.

Yn juny waard bekend dat lanlik 9000 fan de 70.000 wurkplakken skrast wurde moatte. Op Prinsjesdag wurdt dúdlik wat dat foar Ljouwert betsjut.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)