Droechte goed foar jirpelboeren

06 aug 2003 - 00:00

Fryske jirpelboeren profitearje fan it waarme waar. Troch de oanhâldende droechte yn benammen Súd-Europa is in part fan de rispinge dêr ferlern gien. Dat hat geunstige gefolgen foar de priis fan konsumpsje-jirpels yn Nederlân. Ek de priis foar de setters liket omheech te gean.

Hannelshûs HZPC op De Jouwer warskôget foar te folle optimisme. De priis foar de setters wurdt pas letter yn it seizoen makke.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)