Kwaliteit swimwetter liket goed

06 aug 2003 - 00:00

De kwaliteit fan wetter op ûnoffisjele swimplakken yn Fryslân liket foarearst goed. It wetterskip Fryslân ûndersiket sa'n hûndert fan dy swimplakken. Se sjogge fral nei de oanwêzichheid fan de skealike blau-alch en oare baktearjes. De blau-alch is noch net oantroffen.

Alle wettermeunsters wurde ûndersocht yn it laboratoarium. Pas oan de ein fan dizze wike kin it wetterskip definityf sizze oft de kwaliteit fan it bûtenwetter echt goed is.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)