Drokte op kampings

© Omrop Fryslân
De kampings yn Fryslân sitte goed fol. Mei dit moaie simmerwaar hoege je hielendal net fier te reizgjen. Want wêrom soenen je oeren yn de file stean, as je likegoed ticht by hûs ek genietsje kinne fan sinne en wetterwille.
Neffens Fryske kampingeigners komme de toeristen sels werom fan har fakânsje yn it bûtenlân. It is hjir ek feiliger want de waarmte hat net ta boskbrannen laat. Noch net alteast.