Van der Graaf giet nei Berkepas

© Omrop Fryslân
Klaas Berkepas en Dirk Jan van der Woud sille it kommende seizoen keatse mei Auke van der Graaf. Op dit stuit is Daniël Iseger noch achterynse yn it partoer Berkepas. Iseger hat noch gjin nije keatsmaten. Berkepas-en-dy ferlearen ferline wike de PC-finale fan it partoer Johannes Dykstra.
Auke van der Graaf keatste dit seizoen mei Sibbele Lootsma en Tjitte Bonnema. Der sitte foar it kommende seizoen noch mear feroarings oan te kommen.