Fiskjen net skealik foar kokkels

© Omrop Fryslân
Kokkelfiskers wolle op it hiele Waad fiskje. Neffens de fiskersorganisaasje hat it fiskjen amper skea oanrjochte oan de kokkels. De populaasje is net ôfnommen sa't natuerbeskermers sizze.
De fiskers wolle de kokkels dynamysk beheare troch jonge kokkels nei plakken te ferhúzjen dêr't hast neat is of dêr't se better oerlibje kinne. Yn septimber komt der in grut ûndersyk nei kokkels op it Waad. De fiskers tinke dan tastimming te krijen om te fiskjen.