Gothronic festival yn Harmonie

05 aug 2003 - 00:00

Leafhawwers fan gothic en electro kinne 6 desimber yn Ljouwert telâne. Yn De Harmonie is der it Gothtronic festival.

Op it program stiet VNV nation. It is it iennige optreden fan VNV Nation dit jier yn Nederlân. Ek Angels & Agony (futurepop), Letzte Instanz, Epica (gothicmetal), The Wounded (waverock) en Jesus Complex komme te spyljen. De bands wurde yn twa sealen parallel programmearre mei DJ's. Der is ek in merk mei klean, muzyk en in kapper.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)