6 jier sel foar moard Drachten

05 aug 2003 - 00:00

In man(31) út Burgum is tiisdei troch de Ljouwerter rjochtbank feroardiele ta 6 jier sel en tbs. Yn septimber 2002 stuts er yn Drachten Rinze van der Heide mei in mes dea. In frou (45) út Burgum krige twa jier sel om't se hândiedich is. De frou is de eks fan it slachtoffer en waard troch him bedrige. In tredde fertochte wie der by mar die neat en is frijsprutsen.

De advokaat fan de Burgumer giet yn heger berop.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)