Ien jier sel easke foar Pultrum

05 aug 2003 - 00:00

In jier selstraf is tiisdei yn de Ljouwerter rjochtbank easke tsjin Jappie Pultrum. Hy wurdt fertocht fan it útbaten fan in yllegale seksklub yn Houtigehage. Ek wurdt er fertocht fan falsheid yn geskrifte, it ferkeapjen fan harddrugs, it wytwaskjen fan jild en it net hawwen fan in fergunning foar de kroech. Neffens Pultrum sels is er ûnskuldich.

Yn Smellingerlân is de saak gefoelich. Pultrum is de broer fan de wethâlder.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)