Untslach nei fakânsje

05 aug 2003 - 00:00

Seis wurknimmers fan Enna Aerosols yn Dokkum ha dien krigen. De direksje fan it spuitbussefabryk hat har dat moandei witte litten. Doe't se nei har fakânsje op it wurk kamen, koenen se net yn de kompjûter komme. Letter hearden se dat se net mear wolkom wienen.

De ûntslaggen binne ûnderdiel fan in reorganisaasje. Fral de wize wêrop't ûntslach oansein waard is by de 125 meiwurkers yn it ferkearde kielsgat sketten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)