Kliq inkeld yn Ljouwert iepen

© Omrop Fryslân
Re-yntegraasjebedriuw Kliq hâldt allinne de festiging yn Ljouwert iepen. Yn Drachten, Snits, It Hearrenfean en De Jouwer slút Kliq de doarren.
It bedriuw fan de oerheid sit yn siwer waar nei't it as ûnderdiel fan it arbeidsburo wurkje moast op in kommersjele merk. Lanlik geane 850 banen ferlern. Alle meiwurkers fan Kliq krije 11 augustus in ûntslachbrief thús. Dêrnei moatte sy op 'e nij op folle minder funksjes sollisitearje.