Edwin Seepma net nei de Freule

© Omrop Fryslân
It bestjoer fan 'e Frjentsjerter keatsferiening Jan Bogstra hat besletten om de jongeskeatser Edwin Seepma net op te nimmen yn it Freulepartoer fan kommende woansdei. Edwin wennet nammentlik mei syn âlden tydlik yn Tsjummearum.
Omdat Edwin ûnterjochte in tal partijen foar Frjentsjer keatste, hat Jan Bogstra besletten om Edwin net mei te nimmen nei de Freule. Neffens syn heit is dit in klap foar de jongeskeatser.