Melding strookt net mei belied

04 aug 2003 - 00:00

De meldingsplicht foar de popwurkgroep Wolvesteech yn Ljouwert moat útsteld wurde. De FNP wol dat om't de romte op de nominaasje stiet sloopt te wurden. Ljouwert wol dat de wurkgroep in melding docht om't der sprake is fan bedriuwsmjittige aktiviteiten.

In melding betsjut dat it pân goedkard wurde moat op lûdsoerlêst en regels fan de brânwacht. De FNP fynt dat melding foar in slooppân net oerienstimt mei it popbelied fan de gemeente.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)