Arriva set mear kontroleurs yn

04 aug 2003 - 00:00

Ferfiersbedriuw Arriva hat syn nocht fan swartriders. Dêrom wreidet it bedriuw it tal kontroleurs út fan fyftjin nei njoggentich. De ynset fan de kontroleurs op de stasjons en bussen docht fertuten.

Reizgers en bussjauffeurs fiele har feiliger yn de bus, sa stiet yn in evaluaasje. Ek it tal swartriders nimt ôf. De kontroleurs meie fuortendaliks boetes útskriuwe oan minsken dy't besykje fergees mei te riden.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)