Keunstgersfjild yn gebrûk nommen

04 aug 2003 - 00:00

Cambuur hat moandei foar it earst traind op it nije keunstgersfjild. De folsleine seleksje fan trainer Dick de Boer kaam yn aksje. De âldste spiler, Jan Bruin, mocht it lint trochknippe. Freed wurdt it fjild yn gebrûk nommen as Cambuur in oefenwedstriid spilet tsjin SC Hearrenfean.

Cambuur hat in kontrakt foar twa jier sletten mei de Dútse middenfjilder Manuel Bölstler. Hy spile foarich seizoen op hierbasis yn Ljouwert.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)