Juwelier bestellen by ramkreak

04 aug 2003 - 00:00

In ramkreak by in juwelier yn Kollum hat sneintenacht foar grutte skea soarge. Mei in metalen bak foar de auto ha de dieven de ûnderkant fan de doar derút treaun. Yn in pear minuten tiid is foar tsientûzenen euro's oan guod stellen. In apparaat dat de saak by in oerfal gau yn de reek set holp ek net.

De eigner hat al in skoft in fersyk by de gemeente lizzen foar rampealtsjes foar de doar. Hy hat der noch gjin tastimming foar krigen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)