Fytsen: Wierstra 3e yn Antwerpen
Frank Wierstra fan Burgum waard snein tredde yn de earste etappe fan De Ronde fan Antwerpen foar junioaren. De oerwinning wie foar de Belch Bjorn Coomans.
Wierstra wie de bêste earste-jiers junior. Fan tongersdei oant en mei snein wurdt dizze wedstriid oer fiif etappes fierder ferriden.