Provinsje biedt net op Thialf

04 aug 2003 - 00:00

De provinsje biedt net op de oandielen fan Thialf op It Hearrenfean. Dat seit deputearre Bijman. It iisstadion sit noch hieltyd yn swier waar. Op de oandielen fan eigner Van Bekkum is beslach lein en dy wurde nije wike tiisdei ferkocht yn Kerkrade.

It rêdingsplan fan de provinsje, de gemeente en in tal bedriuwen komt dêrmei op losse skroeven te stean. Neffens deputearre Bijman moatte der goede managers oansteld wurde by Thialf.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)