VVV lokt toeristen nei Skylge

04 aug 2003 - 00:00

De VVV fan Skylge komt mei in kampanje om mear toeristen nei it eilân te krijen. Fia ynternet biedt de VVV last minute-fakânsjes en arranzjeminten foar gesinnen oan. De ôfrûne wiken ha folle minder toeristen it eilân besocht as oare jierren. Troch de minne ekonomy jouwe minsken minder jild út oan fakânsjes en útgean.

It eilân is net minder populêr troch it drank-imago fan it eilân, sa seit de VVV. De kampanje kostet 50 tûzen euro.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)