Cambuur-Stormvogels/Telstar: 2-1

03 aug 2003 - 00:00

Cambuur Ljouwert hat sneontemiddei mei 2-1 de oefenwedstriid tsjin Stormvogels/Telstar wûn. De wedstriid waard spile yn Aldegea (Wymbritseradiel). Ferdigener Bernard Schuitemaker die mei as gastspiler.

Fierder ha Cambuur en de Ljouwerter sloper Auke Visser har konflikt bylein. Foarige moanne rekke by sloopwurk de nije gersmatte fan Cambuur stikken. De skea wurdt ôfwikkele en Auke kriget dochs noch syn nije seizoenskaart.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)