Planetarium krijt laai Eisinga
It planetarium yn Frjentsjer hat it laaike fan Eise Eisinga kado krigen. Eisinga brûkte de laai om alle berekkeningen op te meitsjen foar't er syn masterwurk, it planetarium, bouwe koe.
De laai wie noch altyd yn it besit fan de famylje Zimmerman, dy't yn direkte line ôfstammet fan Eise Eisinga. It skriuwplankje is ynkoarten foar publyk te sjen yn it âldst wurkjende planetarium fan de wrâld.