Winst foar Jan Dirk de Groot cs.
By it earsteklasse-keatsen sneon yn Frjentsjer wûn it partoer fan Jan Dirk de Groot, René Tiesma en Willem Rienks. Se spilen yn de finale tsjin Johan Meirink, Michel van der Veen en Pier Piersma.
De einstân wie 5-4 en 6-2. De tredde priis gie nei it partoer fan Yde Klaas Dijkstra, Johan Abma en Gerrit Flisijn.