Takomst ûnwis foar TV Breizh

© Omrop Fryslân
In regionale televyzjestjoerder foar Bretanje, TV Breizh, ferdwynt mooglik. TV Breizh stjoert 2 of 3 oeren deis fia de satellyt út yn it Bretons. Om't it de stjoerder net slagge is mear sjoggers te lûken, wurdt TV Breizh mooglik ûnderbrocht by de lanlike Frânse stjoerder TF1. De regionale identiteit giet dêrby faaks ferlern.
Tagelikertyd besiket in oar satellyt- kanaal dat ek fia ynternet útstjoert, no in program yn it Bretons te bringen.