Jonge ferwûne op Skylge

© Omrop Fryslân
In 17-jierrige jonge út Midwoud is freed mei slimme ferwûningen mei de SAR-helikopter oerbrocht fan Skylge nei it sikehûs oan de fêste wâl. De jonge brocht mei in pear oaren in steapel bierkratten nei de kamping.
De kratten foelen om en de jonge krige troch in glêsskerf in flinke snijwûn yn de rjochterearm. Hy ferlear dêrby in soad bloed. In dokter hat de earm ferbûn. Dêrnei koe de jonge ferfierd wurde.