Snitswike út ein set

02 aug 2003 - 00:00

Mei in soad leven en in fjoerwurkshow is freed de Snitswike wer út ein set. De sylkeninginne rikte juster oan it Lemster startskip De Zevenwolden de priis 'boat fan it jier' út. It skip docht al jierren tsjinst as startskip by it SKS-skûtsjesilen.

Ek de 'Sneker Pan' waard útrikt. Gerlof van der Werf krige him freed yn hannen. De Sneker Pan wurdt jûn oan ien dy't him fertsjinstlik ynset hat foar de Snitser wettersport.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)