Kameleonfilm is platina

02 aug 2003 - 00:00

De film 'De schippers van de Kameleon' hat yntusken 400.000 besikers lutsen. Dat hat regisseur Steven de Jong bekend makke. De film gong fiif wiken lyn yn premjêre. Mei dat tal besikers berikt de film de status fan 'platina-film'.

SC Hearrenfean-trainer Foppe de Haan sil de ûnderskieding moandei yn Terherne útrikke oan de regisseur en de haadrolspilers. Der binne plannen foar in twadde Kameleonfilm.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)